Trije auto's botse opinoar yn De Wylgen
Op de Biskopswei yn De Wylgen binne sneintejûn trije auto's mei-inoar yn botsing kaam. Hoe't dat krekt barre koe is net dúdlik. Der binne ferskate ambulânses ynset om help te ferlienen oan de ynsittenden fan de auto's.
De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe. De hiele dyk hat ôfsletten west.