Toanielferiening komt mei foarstelling oer Eise Eisinga

05 nov 2017 - 17:36
Foto: FinsterOpFryslan.frl

Toanielferiening Hâld Moed út Dronryp is drok dwaande mei it oefenjen fan harren musical Eise Eisinga. It Frysktalige stik moat fan 6 jannewaris ôf te sjen wêze. It is de bedoeling dat minsken Eise Eisinga op in oare manier sjen kinne yn it toanielstik. Troch it planetarium yn Frjentsjer wit elkenien wol dat Eisinga in passy hie foar stjerrekunde.

De oare Eisinga

Oer it persoanlik libben fan Eise Eisinga wit it grutte publyk net in soad. Sa wurdt er as lânferrieder nei Dútslân stjoerd. Wylst hy dêr op in brief fan syn frou wachtet, krijt er berjocht dat se ferstoarn is. Hâld Moed wol mei dizze foarstelling Eise Eisinga as Fryske held foar it ljocht helje.

De rezjy fan it stik is yn hannen fan Jurjen Kuurstra en Froukje van der Meer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)