Froulju VC Snits winne fan Peelpush

05 nov 2017 - 16:45

De follybalfroulju fan VC Snits ha op besite by Peelpush in ienfâldige oerwinning helle. Yn Meijel waard it 3-0 foar de ploech fan trainster Petra Groenland. De setstannen wiene 25-19, 25-22 en 25-16. 

De earste set gie gelyk op oant 17-17, en dêrnei koe Snits it ferskil meitsje. Dat barde ek yn de twadde set. Oant 17-17 koe Peelpush bybliuwe, mar opnij pakte Snits de set. Yn de tredde set wie it dêrnei dien mei de tsjinstân fan Peelpush.

Trefwurden: 
VC Snits follybal
(advertinsje)
(advertinsje)