Riekele Kobes wint 21e Beareloop op Skylge

05 nov 2017 - 16:17

De 21e edysje fan de Beareloop is wûn troch Riekele Kobes út Ljouwert. Hy kaam by de maraton op Skylge oer de finish mei in tiid fan 2.38.25. Dat wie mear as tsien minuten boppe it parkoersrekôr fan Remon van Lunzen (2.27.20). It twadde plak wie Rick Salomé, tredde waard Grinzer Jan Stuursma. Willem de Boer fan Eksmoarre kaam as fjirde oan de streek.

By de froulju wie Jacolien Ruizendaal de rapste. Har winnende tiid wie 3.14.55. Twadde wie Ylona Kruis út Ysbrechtum yn 3.16.01. Gwynny Hamilton waard tredde.

De heale maraton wie earder al in proai foar Fries om utens Erik Negerman. Hy wie de rapste yn in tiid fan 1.13.30.

Trefwurden: 
Skylge beareloop
(Advertinsje)
(Advertinsje)