PvdA'er Roelf van der Woude stapt út fraksje

05 nov 2017 - 16:03
Roelf van der Woude

Riedslid Roelf van der Woude fan de PvdA yn Hearrenfean stapt fuort út de fraksje. Ek ferlit er de partij. Sa skriuwt Van der Woude op syn facebookside en yn in berjocht oan de boargemaster. Hy giet fierder as ienmansfraksje ûnder de namme 'READ'. Dat docht er nei eigen sizzen om't hy mei op foarkarsstimmen yn de ried kaam is by de foarige ferkiezings. Foar de gemeenteriedsgearkomste fan takom jier maart krige Van der Woude hoe dan ek gjin plak mear op de list.

Trefwurden: 
Roelf van der Woude PvdA
(Advertinsje)
(Advertinsje)