VV Hearrenfean wint, Snits Wyt Swart ferliest

Yn de haadklasse A fan it sneinsfuotbal hat VV Hearrenfean goeie saken dien. Thús tsjin Purmersteijn waard mei 2-1 wûn. Snits Wyt Swart gie yn de útwedstriid tsjin Leonidas ûnderút. Yn Rotterdam waard it 2-1 foar de thúsploech.
VV Hearrenfean kaam nei in heal oere earst noch achter. Dochs stie it by it skoft gelyk. Han van Dijk makke út in penalty de lykmakker foar de thúsploech. Nei it skoft sette Hearrenfean oan, en njoggen minuten foar tiid krigen se wer in penalty. Thom van Lingen koe der sa 2-1 fan meitsje. Dat wie ek de einstân.
Snits Wyt Swart hie it dreech yn Rotterdam. Nei 20 minuten krige Leonidas in frije traap, dêr't Amrani út skoare koe. Ek yn it ferfolch wie Leonidas de bettere ploech. Krekt foar it skoft rekke Gerben Visser de peal foar de Snitsers. Nei it skoft like it derop dat Leonidas de wedstriid simpel útspylje koe. Mar tsien minuten foar tiid knalde Visser in frije traap binnen foar de 1-1. Lang koe Snits net genietsje fan de lykmakker, want noch gjin minút letter wie it Lionahr dy't de einstân op it boerd sette.
VV Hearrenfean stiet no 12e yn de haadklasse A, mei 11 punten út 10 wedstriden. Snits Wit Swart sakket nei de nederlaach nei plak 13 mei 9 punten.