LTO wol knyppunten besjen nei útspraak rjochter

05 nov 2017 - 13:59

Boere-organisaasje LTO wol besjen hokker knyppunten der binne foar feehâlders nei de útspraak fan it gerjochtshôf fan earder fan 'e wike. Dat bepaalde yn heger berop dat alle melkfeehâlders dochs harren feesteapel ôfbouwe moatte nei it nivo fan 2 july 2015.

Neffens regiofoarsitter Trienke Elshof fan LTO-Noard moat no yn kaart brocht wurde wat krekt de konsekwinsjes binne foar de ôfsûnderlike bedriuwen. "Boeren dy't hjirtroch echt yn 'e knipe komme, moatte holpen wurden." Trienke Elshof die har spraak snein yn it nijsfoarum fan Buro de Vries op Omrop Fryslân Radio.

(Advertinsje)
(Advertinsje)