Wol of net op snein iepen yn Surhústerfean?

05 nov 2017 - 13:39

De winkels yn it sintrum fan Surhústerfean moatte de kommende moannen yn alle gefallen twa kear de kâns krije om ek op snein iepen te wêzen. Dat fynt de hannelsferiening H&I yn it doarp. Op dit stuit binne de winkels op snein ticht. Allinnich hoareka kin iepen wêze. De gemeente wol fêsthâlde oan de regels sa't se no binne, mar neffens de ûndernimmers soene der twa útsûnderingen makke wurde moatte. Sa falle de krystdagen dit jier op moandei en tiisdei en om farsk iten leverje te kinnen wolle de winkels graach de snein dêrfoar iepen wêze.

Op 14 jannewaris soene de winkels dan opnij de doarren los hawwe wolle. Dan wurdt it nasjonaal kampioenskip fjildriden hâlden yn it doarp. Der wurde dan tsientûzen minsken ferwachte en neffens H&I moatte dy wol earne terjochte kinne.

Ried oan set

At der al as net keapsneinen yn Surhústerfean komme, leit oan de riedsfraksjes yn de gemeente Achtkarspelen. It koälysjeakkoart fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders stiet dat net ta. Allinnich at in mearderheid fan de ried wol foar keapsneinen is, kin dit neffens in wurdfierder fan de gemeente oanpast wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)