Sander Arends wint opnij challengertoernoai

05 nov 2017 - 13:35
Foto: Omrop Fryslân

Tennisser Sander Arends út Ljouwert hat wer in challengertoernoai op syn namme skreaun. Mei syn Tsjechyske maat Roman Jebavy wie er yn it Dútske Eckental mei 6-2 en 6-4 fiersten te sterk foar de bruorren Skupski út Ingelân. Jebavy en Arends krigen in de hiele finale gjin inkeld breakpoint tsjin. Mei de oerwinning pakke se 80 punten foar de wrâldranglist.

Sander Arends stiet no it 111e plak fan de wrâldlist. Fan syn lêste fjouwer toernoaien hat de Ljouwerter trije wûn.

Trefwurden: 
tennis Sander Arends
(Advertinsje)
(Advertinsje)