Idee draachber ynfús makket kâns op lanlike medyske priis

05 nov 2017 - 13:21
Foto: IVWear / ZonMw

In draachber ynfús, ûntwikkele troch ûnder oare in Fryske studint, makket kâns op 75.000 euro. It stiet yn de finale fan in lanlike medyske priis.

Sikehûs UMCG yn Grins woe graach in draachber ynfús hawwe en kaam doe by in groep ûndernimmende studinten út. Ald-Lemster Melcher Frankema is ien fan harren. De rjochtenstudint hie in kursus ûndernimmerskip dien. Se hawwe mei-inoar in bedriuwke oprjochte. Fia de Ryksuniversiteit Grins is doe oktroai oanfrege foar it draachber ynfús. It publyk kin stimme foar de ferkiezing.

(Advertinsje)
(Advertinsje)