Spannende tiden foar Marit en Roelof Bouwmeester

05 nov 2017 - 11:37

Sylster Marit Bouwmeester is nominearre foar de titel bêste sylster fan de wrâld fan it jier 2017. It publyk kin dêrfoar syn stim útbringe. Dat kin noch in pear dagen, want de winner wurdt bekend yn de nacht fan tiisdei op woansdei. Dat is op in gala yn Meksiko dêr't Marit sels ek by oanwêzich is. De Wartenster waard dit jier foar de tredde kear wrâldkampioen yn de Laser Radial-klasse. Se nimt it yn de ferkiezing op tsjin trije oare kandidaten, dy't allegear yn oare klassen útkomme. 

Marit har broer, Roelof, kin sylcoach fan it jier fan Nederlân wurde. Lykas bekend, coacht Roelof syn suster. Roelof hat fyftich prosint kâns.Hy hat mar ien konkurrint. Roelof hoecht minder lang yn spanning te sitten as syn suster, want de útslach fan syn ferkiezing wurdt moandei bekend yn Skeveningen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)