Wa folget Piet Paulusma op as Boei fan Harns?

05 nov 2017 - 11:04
Piet Paulusma krige ferline jier de Boei fan Harns út hannen fan boargemaster Sluiter (rjochts) - Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

De gemeente Harns ropt ynwenners op om kandidaten troch te jaan foar de Boei van Harlingen. Dat is in parsepriis dy't alle jierren útrikt wurdt op de nijjiersresepsje fan de gemeente.

De priis is bedoeld foar in persoan of in groep minsken dy't Harns posityf yn it nijs brocht hat. Kandidaten kinne oant en mei 4 desimber oanmelden wurde op de webside fan de gemeente. Ferline jier wûn waarman Piet Paulusma de Boei van Harlingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)