Littenseradiel nimt ôfskied mei toanielstik Greidehert

05 nov 2017 - 10:35
Foto: Omrop Fryslân - Aukje de Hoop

It moat in earbetoan wurde oan de gemeente Littenseradiel, de foarstelling 'Greidehert'. Littenseradiel is ien fan de gemeenten dy't op 1 jannewaris 2018 ferdwynt. De gemeente dy't yn 1984 ûntstie troch it gearfoegjen fan Baarderadiel en Hinnaarderadiel, wurdt dan opsplitst en ferdield oer Ljouwert, Súdwest-Fryslân en De Waadhoeke.

Greideroas

It idee fan de foarstelling begûn mei it ferske Greideroas fan Piter Wilkens. Teäterman Wybo Smids fan Weidum krige dat ferske mar net út 'e holle: "Dat ferske giet oer ús, oer ús gemeente. Ik woe der in klip by meitsje". Hy helle syn maat, regisseur Tsjerk Kooistra, derby. Nei in oerlis mei de gemeente waard harren frege oft se it hiele ôfskied organisearje woene. It wurdt in foarstelling mei sjongers en muzikanten út de gemeente en mei in film. Ofrûne wike waarden noch bylden makke út de trein fan Snits nei Ljouwert wei. "It spoar giet dwers troch Littenseradiel hinne. De Swette trochkrúst de gemeente en de dyk fan Ljouwert nei Boalsert ek. Dat wolle wy sjen litte". Dat dogge se dus ûnder oare ridend, farrend en fleanend. Fierders hawwe de manlju yn alle 29 doarpen bysûndere plakken en ynwenners filme.

Dirigint en komponist Jorrit Laverman hat by fjouwer Fryske nûmers nije arrangeminten makke. "Guon stikken bin hast net werom te kennen. Wy litte eins safolle mooglik it orizjineel wat los." Njonken 'Greideroas' binne dat 'Marije Maria' fan Reboelje, 'Wa't ik bin' fan De Kast en 'Smjunten yn de mieden' fan Sytse Haima.

Net tryst

It wurdt net in tryst ôfskied. Tsjerk: "Jo meie dêr bêst mei in brok yn de kiel sitte, mar it is net in begraffenis. En as it dat wie, dan fiere wy in prachtich libben". Wybo: "Datst mei in bytsje weemoed werom sjochtst, sa fan 'Wat wie it leuk'".

Ast Wybo Smids fregest oft er it spitich fynt dat syn gemeente ferdwynt, krigest earst in saaklik antwurd. Foarútgong is net tsjin te hâlden. Mar yn syn hert fielt it dochs wat oars. Hy hâldt fan koarte linen en is bang dat dingen yn de grutte gemeente ûndersnije kinne. Lykas kultuer. "It giet hiel gau oer de stêd. Wy moatte it plattelân net ferjitte, want dêr barre moaie dingen. Mar dêr binne we sels by."

"Fiel ik my immen út Littenseradiel? Nee dat sil ik net sizze. Ik kom fan 'e greide. Dat is it en dat sil sa bliuwe" filosofearret Tsjerk. "Fansels is it spitich. It is nea leuk dat in feest ophâldt, mar it is wol goed dat in feest wer ris ophâldt."

De foarstelling Greidehert is yn desimber fjouwer kear te sjen yn Winsum. Fierders krije alle húshâldens yn Littenseradiel in boek mei ferhalen út de gemeente fan 1984 oant 2017, it tiidrek dat Littenseradiel bestie.

Harkje nei de reportaazje yn Buro de Vries.

Trefwurden: 
Littenseradiel Greidehert
(advertinsje)
(advertinsje)