Helte minder dielnimmers, soargen oer harmonykampioenskip

06 nov 2017 - 06:00

It Iepen Nederlânsk harmonykampioenskip driget nei twa jier alwer te ferdwinen. De twadde edysje fan dit wykein luts mar seis dielnimmers. En dat is eins te min om besteansrjocht te hawwen, sa fynt ek de organisaasje fan it evenemint yn De Lawei yn Drachten. Op de earste edysje in jier earder kamen tolve harmonykorpsen út hiel Nederlân ôf en it doel wie om dat fierder groeie te litten en sa in echt grut evenemint te wurden. Mar dat liket dus net te slagjen.

Dochs jouwe se de moed noch net op. Neffens ponghâlder Saekle Belksma fan it ONHK kin it bestjoer de kampioenskippen wol fasilitearje, mar moatte der wol genôch dielnimmers wêze. 'Oars dogge jo it foar neat'. In pr-kampanje moat soargje dat der takom jier mear harmonyen meidwaan wolle. Dy edysje sil hoe dan ek noch plak fine yn Drachten, mar dêrnei wurdt der mooglik ferhuze nei in mear sintraal plak om sadwaande mear harmonykorpsen út it suden wei te lûken.

Opfallend is dat oan kampioenskippen mei brassbands en fanfares folle mear dielnimmers meidogge.

Trefwurden: 
ONHK fanfare
(Advertinsje)
(Advertinsje)