Advendo Frjentsjer iepen Nederlânsk kampioen op ONHK

05 nov 2017 - 08:42
Iepen Nederlânske harmonykampioenskippen yn Drachten - Foto: Durk Dam

Advendo fan Frjentsjer is sneon op de iepen Nederlânske harmonykampioenskippen (ONHK) yn Drachten earste wurden yn de twadde difyzje. Advendo stiet ûnder lieding fan Siemen Hoekstra. Seis harmony-orkesten kamen yn De Lawei foar it fuotljocht. Der die noch in oar Frysk harmony-orkest mei. It B-orkest fan kristlike muzykferiening Crescendo Drachten waard twadde yn de fyfde difyzje. Crescendo stiet ûnder lieiding fan dirigint Gatze Verbeek.

It wie de twadde kear dat de iepen Nederlânske harmonykampioenskippen hâlden waarden.

.

(Advertinsje)
(Advertinsje)