Bestelbuske op kop yn sleat op A32

05 nov 2017 - 08:06

Op de A32 is sneontenacht in bestelbuske op de kop yn de sleat bedarre. De auto fleach tusken Akkrum en Grou fan de dyk. De twa ynsittenden kamen mei de skrik frij. Se koene sels út de auto wei komme en oan de oare kant fan de sleat by op de wâl op klimme. De brânwacht hat harren dêrwei helle. Se waarden ûndersocht troch ambulânsemeiwurkers, mar hoegden net nei it sikehûs. In berger hat de auto fuorthelle.

Trefwurden: 
ûngelok A32
(Advertinsje)
(Advertinsje)