Sinteklazemearke Klein Duimpje op It Hearrenfean

Sprookje Heerenveen lit fan 20 oant en mei 24 novimber in bewurking sjen fan it mearke Klein Duimpje. Toanielskriuwer Aris Bremer hat der op fersyk fan regisseur Benny Mulder in hjoeddeisk ferhaal fan makke, mei as titel 'Klein Duimpje en de huilende reus'. It mearke sil foar tûzenen skoalbern opfierd wurde yn it Posthûs Teäter. Yn ien wike tiid binne der tsien foarstellings. It is de 73e edysje fan it Sinteklazemearke.