Basketballers Aris ferlieze mei lyts ferskil fan Leiden

04 nov 2017 - 22:29
Foto: Omrop Fryslân

Foar de fjirde kear op rige binne de basketballers fan Aris der net yn slagge in kompetysjewedstriid te winnen. Sneontejûn wie Leiden yn sporthal Kealledykje krekt te sterk foar de Ljouwerters. It waard 66-64 foar Leiden.

By it skoft stie Aris mei 31-25 achter, mar de Ljouwerters bûgden de achterstân om en stiene healwei it lêste kwart op foarsprong. De foarsprong waard dêrnei wer út hannen jûn. Aris wie noch ticht by de oerwinning, mar Stefan Mladenovic miste yn de lêste sekonde fan de wedstriid de kâns op in trijepunter.

Trefwurden: 
Aris Leiden basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)