Man bedarret mei rolstoel yn Van Harinxmakanaal

04 nov 2017 - 22:19
Foto: Robert Jan Boonstra

In man is sneontejûn mei syn elektryske rolstoel it Van Harinxmakanaal ynriden. It ûngelok wie oan de Nijlânsdyk yn Ljouwert. De helptsjinsten rieden manmachtich út. Troch de streaming wie de man al inkele meters ôfdreaun. De brânwacht hat him út it wetter helle. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)