Crispijn Ariëns wint de tredde maraton fan it seizoen

04 nov 2017 - 21:57

Crispijn Ariëns fan Wolvegea hat de tredde maraton fan it seizoen wûn. Ariëns wie sneontejûn yn Thialf de bêste fan in kopgroep besteande út alve man. Hy bleau Bob de Vries fan De Haule krekt foar. Frank Vreugdenhil waard tredde.

Mei 65 ronden te gean ûntstie der in kopgroep fan acht man mei ûnder oaren de Friezen Bart de Vries en Ariëns. Jorrit Bergsma gie der achteroan en naam teamgenoat Bob de Vries mei. Bart Swings en Mats Stoltenberg kamen ek by de earsten en sa wie der in kopgroep fan tolve man. Mei noch 53 ronden te gean hiene sy al in ronde te pakken op de oaren.

Bart de Vries rekke syn ronde foarsprong kwyt om't hy mei noch 35 ronden te gean foel. Mei noch ien ronde te gean hie de Grinzer Robert Post in foarsprong, mar yn de lêste bocht gie Bob de Vries him foarby dy't op syn beurt wer ynhelle waard troch Ariëns.

De earste twa maratons fan it seizoen waarden wûn troch Evert Hoolwerf.

(advertinsje)
(advertinsje)