Kuorballers LDODK winne lêste oefenwedstriid fan DVO

04 nov 2017 - 21:41
Marjolijn Kroon - Foto: www.awfoto.nl

LDODK hat sneontejûn de lêste oefenwedstriid yn de tarieding op it nije sealseizoen wûn. Yn Bennekom waard DVO mei dúdlike sifers oan de kant set. It waard úteinlik 22-15 yn it foardiel fan de ploech út Terwispel en De Gordyk.

Oer twa wike spilet LDODK opnij tsjin DVO, mar dan foar de kompetysje. Nije wike snein begjint it seizoen foar LDODK mei in thúswedstriid tsjin Fortuna út Delft.

Trefwurden: 
LDODK DVO kuorbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)