Jonges rinne oer plysje-auto hinne yn Drachten

De plysje hat sneon twa jonges fan 14 en 18 jier oanholden om't se in plysje-auto fernield hiene. Dat wie freed by in skoalle oan de Flevo yn Drachten. De plysjes wiene út de plysje-auto stapt. Doe't se út it sicht fan de jonges wiene, rûnen dy oer de auto hinne. In dûk yn de motorkap en in stikken rút wiene it gefolch.
De plysje koe de jonges oppakke. By de oanhâlding die bliken dat ien fan harren drugs by him hie. Tsjin de twa is proses-ferbaal opmakke.