Schouten wint tredde maraton, Van de Merwe sânde

04 nov 2017 - 20:41

De tredde maraton fan it seizoen is sneontejûn wûn troch Irene Schouten. Yn Thialf wie sy de bêste yn de sprint. Annouk van der Weijden waard twadde, sy bleau Iris van der Stelt krekt foar. De bêste Fries wie Margo van de Merwe fan Wolvegea. Sy kaam as sânde oer de finish.

It wie in lange sprint en by it yngean fan de lêste ronde giene der reedrydsters ûnderút. Merel Bosma fan It Hearrenfean wie dêr ien fan en seach dat in pear oaren dêrtroch ek foelen.

Faak besochten riders fuort te kommen, mar dat slagge hieltyd net. Oan de ein makke Schouten, rydster fan de ploech fan coach Jillert Anema, it ôf. Carien Kleibeuker hie dêrfoar in soad wurk foar har dien. Nimmen koe troch it hege tempo fan ûnder oaren Kleibeuker fuortride.

(Advertinsje)
(Advertinsje)