Goed 850 Friezen yn it spier op de Lanlike Natuerwurkdei

Frijwilligers yn it spier yn natuergebiet De Houtwiel © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Goed 850 frijwilligers ha sneon op 26 lokaasjes yn Fryslân meidien oan de Lanlike Natuerwurkdei. Troch de hiele provinsje hinne binne der allegear beammen snoeid, bloembollen plante en wylgen ynkoarte. De Natuerwurkdei waard foar de santjinde kear hâlden.
De provinsjale ôftraap wie sneontemoarn yn de doarpstún fan Hurdegaryp, dêr't drainaazje oanlein is. Fierder is der ek in soad wurk ferset yn ûnder oare it natuergebiet De Houtwiel by Broeksterwâld en by Dekemastate yn Jelsum. Yn Broeksterwâld wiene goed hûndert minsken yn it spier, yn Jelsum sa'n tachtich.