Ljouwerters krije post fan de 'Rijksveiligheidsdienst'

04 nov 2017 - 17:54
Foto: ANP

Ynwenners fan Ljouwert ha freed in brief krigen fan de 'Rijksveiligheidsdienst', sa meldt de plysje. De brieven binne yn it hiele lân besoarge en ha foar flink wat ûnrêst soarge, want de brieven binne falsk. De saneamde Rijksveiligheidsdienst bestiet hielendal net.

Yn de brief stiet dat der by minsken thús in netwurkline ynstallearre wurde moat, sa't de AIVD better by de gegevens fan boargers komme kinne soe. It giet om in aksje fan Bits of Freedom, in beweging dy't opkomt foar ynternetfrijheid.

Bits of Freedom wol mei dizze aksje omtinken freegje foar it referindum oer de sleepwet, sa't de nije wet op de ynljochtings- en feilichheidstsjinsten neamd wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)