Johannes Kramer wol yn petear mei tsjerkebestjoeren

04 nov 2017 - 17:30
Deputearre Kramer - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Lânbou moat duorsumer makke wurde en tsjerkebestjoeren kinne dêroan meihelpe, skriuwt it EO-blêd Visie. Dêrom wol deputearre Johannes Kramer mei tsjerkebestjoeren om tafel en prate oer de lânbougrûn dy't sy oan boeren ferpachtsje. Benammen de PKN-tsjerken ha in soad lânbougrûn yn besit.

Ien fan de maatregels dêr't Kramer oer prate wol, is om it gers langer groeie te litten. Sa kinne greidefûgels better beskutting fine. Kramer sjocht de petearen mei tsjerkebestjoeren as start foar in petear tusken boeren en de mienskip oer duorsumer wurkjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)