Erick Jansema besoarget Harkemase Boys trije punten

Oanfierder Henny Bouius fan Harkemase Boys yn duel om de bal © www.awfoto.nl
Nei in hektyske slotfaze wûn Harkemase Boys sneontemiddei op besite by Jong FC Grins. Keeper Erick Jansema fan de Harkiten groeide út ta de held fan de middei. Hy kearde, by in 3-2 foarsprong, yn de lêste minút in strafskop fan de Grinzers, wêrnei't Harkemase Boys dochs noch de wedstriid wûn.
Harkemase Boys kaam al nei fiif minuten spyljen op foarsprong. Kevin Mennega makke de iepeningsgoal, út in foarset fan Berwout Beimers. Lang koene de Harkiten dêr net fan genietsje, want noch gjin tsien minuten letter sette Ajdin Hrustic de lykmakker op it skoareboerd. Dat wie ek de rêststân yn it Grinzer Corpus den Hoorn.
Yn de twadde helte kaam Harkemase Boys opnij op foarsprong. Oanfierder Henny Bouius koe de bal fan tichtby binnenskowe. Even letter soarge David Browne fan Grins derfoar dat beide ploegen wer yn lykwicht stiene. Dêrnei kaam de ploech fan trainer Henk Herder foar de tredde kear dizze middei oan de lieding: Jan Hooiveld makke der 3-2 fan.
Yn de lêste minút fan de offisjele spyltiid krige Grins in strafskop en ferdigener Kellian van der Kaap fan Harkemase Boys read. De utlime kâns foar Grins om lyk te meitsjen, mar keeper Jansema kearde de ynset fan Joël Donald.
Jong FC Grins - Harkemase Boys 2-3 (1-1). 5. Kevin Mennega 0-1, 13. Ajdin Hrustic 1-1, 54. Henny Bouius 1-2, 62. David Browne 2-2, 69. Jan Hooiveld 2-3. Rode kaart: 90. Kellian van der Kaap (Harkemase Boys).