Lykspul foar ONS Snits op besite by DOVO

04 nov 2017 - 16:37

ONS Snits hat sneontemiddei in punt oerhâlden oan de útwedstriid tsjin DOVO. It twadde doelpunt fan Genridge Prijor like de Snitsers trije punten op te smiten, mar de ploech fan trainer Chris de Wagt krige yn de slotfaze noch in goal om de earen. It waard úteinlik 3-3 yn Veenendaal.

De Snitsers kamen nei acht minuten spyljen al op achterstân troch in goal fan Joshua Patrick. Syn ploechgenoat Leon Toonen makke der healwei de earste helte sels 2-0 fan. Koart dêrnei die Prijor fan ONS Snits wat werom. De spits fan de ploech út Snits skeat de oanslutingstreffer achter Rodney Ubbergen, âld-keeper fan SC Cambuur.

Nei twa minuten spyljen yn de twadde helte kaam ONS Snits op likense hichte troch in goal fan Arton Musliu. De Snitsers setten troch en kamen in kertier foar tiid op foarsprong. Prijor makke syn twadde fan de middei en de tredde fan ONS Snits. De oranjehimden slaggen der net yn om trije punten mei nei hûs ta te nimmen. Toonen makke yn de slotfaze de lykmakker, wêrtroch't beide ploegen ien punt pakten.

DOVO - ONS Snits 3-3 (2-1). 8. Joshua Patrick 1-0, 20. Leon Toonen 2-0, 24. Genridge Prijor 2-1, 47. Arton Musliu 2-2, 77. Prijor 2-3, 84. Toonen 3-3.

Trefwurden: 
ONS Snits DOVO fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)