PvdA fiert aksje tsjin fleanrûtes en dielt eardopkes út

04 nov 2017 - 16:05
Foto: ANP

De PvdA hat sneontemiddei yn De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân aksje fierd tsjin de foarnommen útwreiding fan Lelystêd Airport. De nije fleanrûtes komme foar in part oer dy gemeenten te lizzen en dat soe foar in soad lûdsoerlêst soargje, sizze tsjinstanners.

Under oare op De Lemmer en yn Starum dielde de PvdA eardopkes út. Dêrneist wurde der hantekens sammele foar in petysje tsjin de fleanrûtes. De PvdA fynt dat it loftrom opnij yndield wurde moat, sa't fleantugen heger oer it lân komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)