Gemeenteriedslid Meine Hofman ferlit de VVD-fraksje

04 nov 2017 - 15:35

Meine Hofman ferlit de VVD-fraksje yn de gemeente Smellingerlân. Hofman is net te sprekken oer it fiifde plak dat er krije soe op de kandidatelist foar de gemeenteriedsferkiezingen fan maart takom jier. Hofman hie oanjûn dat er op it twadde of tredde plak komme woe.

Hofman seit dat er him altyd foar mear as hûndert persint ynset hat foar de VVD. It fiifde, ûnferkiesbere plak fielt foar him as wurdt er oan de kant set. De VVD hat keazen foar jonge, nije minsken. Neffens Hofman wurdt de fraksje der no allinne mar swakker op, om't der gjin ûnderfining oerbliuwt.

Hofman wol no allinne fierder of oerstappe nei de ELP. Dy partij is earder oprjochte troch twa oare âld-VVD'ers. Moandei sil Hofman yn petear mei harren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)