Restauraasje ryksmonumint De Mouterij úteinset

04 nov 2017 - 15:23
  • Geert van Tuinen yn Frjentsjer

Yn Frjentsjer is dit wykein de restauraasje en ferbouwing fan it ryksmonumint De Mouterij oan de Sulverstrjitte úteinset. By de wurksumheden binne al guon nijsgjirrige fynsten dien. Sa die bliken dat der ûnder de eardere skûltsjerke in oerdekte grêft rint. De grêft wie bedoeld as flechtmooglikheid foar minsken dy't fanwege har leauwe ferfolge waarden. De mouterij dy't by de tsjerke siet makke gebrûk fan it wetterke as oan- en ôffierrûte. Dêrneist binne der âlde flierdielen mei estrikken fûn.

De kommende tiid wurdt besjoen hoe't de fynsten bewarre bliuwe kinne. De tsjerkeseal wurdt restaurearre sa't der kulturele eveneminten hâlden wurde kinne. Boppeyn it gebou komme trije apparteminten. De provinsje hat 200.000 euro beskikber steld. It Prins Bernhard Kultuerfûns hat 100.000 euro bydroegen. Doel is dat de restauraasje fan it Frjentsjerter skûltsjerkje yn maart klear is.

(advertinsje)