Henk Gemser makket emosjoneel drege tiid mei

04 nov 2017 - 14:00

Reedrydcoach Henk Gemser makket in drege tiid mei, no't in dramatyske perioade yn syn priveelibben folop yn de skynwerpers stiet. Fyftich jier ferlyn fûn it jonkje Asuquo út Biafra in plak by de húshâlding fan Gemser. It wie, emosjoneel sjoen, harren bern. Asuquo wie mei njoggen oare bern deasiik nei Nederlân kaam om hjir better te wurden. Dat slagge, mar hy hie wol slimme epilepsy. Mei de goede medisinen wie dat ûnder kontrôle. Sjoernaliste Marie Louise Schipper hat fyftjin jier lang ûndersyk dien nei dy tsien Biafraanske bern. It boek dat se dêr oer skreaun hat, is opdroegen oan Asuquo. It earste eksimplaar is oanbean oan Henk Gemser.

Snein yn Buro de Vries mear oer dit heftige ferhaal fan Asuquo en de famylje Gemser.

Trefwurden: 
Henk Gemser
(advertinsje)
(advertinsje)