Seldsume ynsekten fûn yn Warkumerwaard

04 nov 2017 - 13:18

Fryslân is in 'nije' flintersoart riker: de 'biessnuitmot'. Dat lit natuerorganisaaje It Fryske Gea witte. De flinter waard yn 1950 al ris as populaasje sjoen yn de Alde Feanen. Dêrnei ferdwûn de soart oant 2004 en 2007, doe't der twa kear in inkele biessnuitmot sjoen waard. It so no opnij om in populaasje gean. Mooglik de grutste fan Nederlân of sels de wrâld.

By ûndersyk is ek noch in flinter fûn dy't ek yn it bûtenlân hast net sjoen wurdt: stippelrietboorder. Dy waard yn 2015 ek al sjoen by Earnewâld.  It giet yn beide gefallen om nachtflinters yn de Warkumerwaard.

Yn itselde gebiet is noch in ynsektesoart fûn dêr't fan tocht waard dat dy útstoarn wie; it silte 'langlijfje'. Dy soarte is lykas ien fan de nachtflinters bot ôfhinklik fan in plantsje dat dêr yn de sleatten groeit. 






 

Trefwurden: 
flinter It Frysk Gea
(advertinsje)
(advertinsje)