Bern rêde tûken op yn natuergebiet De Houtwiel

04 nov 2017 - 12:38

Bern binne sneon yn natuergebiet De Houtwiel by Broeksterwâld oan it wurk op de natuerwurkdei fan Lânskipsbehear Nederlân. It wurk bestiet út it snoeien en oprêden fan tûken fan lytse wylgen en elzen. Dit wurk is benammen nedich foar de reiddomp. Dy fûgel is seldsum en hy briedt yn drassige gebieten.

De measte bern dy meidogge oan de natuerwurkdei by Broeksterwâld binne lid fan in scoutingferiening, mar der sitte ek geocashers en oare skoalbern tusken. De Houtwiel is ien fan de hûnderten lokaasjes yn it lân dêr't sneon wurke wurdt yn it ramt fan de natuerwurkdei.

Trefwurden: 
Natuerwurkdei
(advertinsje)
(advertinsje)