"Fryske filmyndustry moat folwoeksen wurde"

04 nov 2017 - 12:11

Fryske filmmakkers dy't fierder wolle, moatte no noch faak útwike nei it Westen. De Fryske filmyndustry moat dêrom de kommende jierren folwoeksen wurde. Dat seit de organisaasje fan de filmwedstriid '48 hours' yn Ljouwert. Filmmakkers krije mei de wedstriid 48 oeren de tiid om in koarte film te meitsjen en dit wykein dogge se dat foar de fiifde kear. Neffens de organisaasje smyt dat kwalitatief goede films op dy't ek yn it bûtenlân prizen winne. Mar as de filmmakkers dêrnei profesjoneel fierder wolle yn it fak, komme se op dit stuit faak yn it Westen fan it lân út. It filmklimaat yn Fryslân kin folle better en grutter, seit Anton Philippa fan de organisaasje. Om dat te berikken wurdt der in Frysk filmplatfoarm oprjochte. It doel is dat Fryske filmmakkers net nei it Westen hoege en hjir yn alle rêst moaie films meitsje kinne.

De filmmakkers krije foar de 48 hours- opdracht pas op it lêste momint te hearren hokker sjenre koarte film se meitsje moatte, bygelyks in horror- of in comedyfilm. Alle jierren sit der in ferplichte rekwisyt yn, wat se ek op it lêste momint te hearren krije. Dit jier is dat in fyts. De hiele film moat dus yn 48 oeren klear wêze, fan scriptskriuwen, opnames meitje en montearje ta de lêste bewurkings. "Hou het simpel" seit Philippa De films duorje sawat 7 minuten. De bêsten binne te sjen op it Noardlik Filmfestival yn De Harmonie yn Ljouwert. Dat festival begjint takom wike woansdei en it duorret oant en mei snein. Eardere 48 hours-films hawwe prizen wûn yn de Feriene Steaten fan Amearika.

Trefwurden: 
48 hours film
(Advertinsje)
(Advertinsje)