Fryske Rie op konferinsje yn Noardfryslân

Fiif leden fan de Fryske Rie binne ôfreizgje nei it Dútske Waadeilân Amrum, dêr't in konferinsje is oer it Noardfrysk yn Sleeswyk-Holstein. It Noardfrysk is in lytse taalminderheid fan sawat 10.000 minsken dy’t ek noch útienrinnende farianten prate, lykas it Oomrang - de taal fan Amrum -, it Ferring fan it eilân Föhr en it Mooringer Frasch fan ‘e fêste wâl.
Fryske Rie
De fjouwerjierlikse konferinsje ‘Tuhuupe aw Amrum’ moat liede ta in ‘Amrumer resolúsje’ en ek ta praktyske foarstellen dy’t foarlein wurde kinne oan it regear fan Sleeswyk-Holstein yn Kiel. Oan de konferinsje dogge sa’n sechstich minsken mei. Dêrby sitte ek sa’n fiif minsken út Fryslân yn Nederlân, ûnder oanfiering fan Gelkje Schotanus fan de Fryske Rie. Dy organisaasje wol de gearwurking tusken ús Fryslân en Noardfryslân fierder útbouwe. Yn maaie takommend jier sil in groep Noardfriezen nei Ljouwert fytse yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd. Dy ekspedysje hat de namme ‘Tuhuupe luupe’.
Toaniel
Op de konferinsje waard fêststeld dat de Noardfryske minderheid it lang net min docht. Sa is ferline jier in Noardfrysk beropstoanielselskip oprjochte, dat stikken opfiert mei Dútse boppetitels. Fierder wurde de weiwizers yn Noardfryslân by de autodiken twatalich makke. De Noardfriezen wolle fierders graach mear omtinken by de publike omrop yn Dútslân en se wolle ek graach mear Noardfrysk op skoalle.