Kollum: "#metoo"

"It wie op de legere skoalle. Ik wit it noch as de dei fan juster. We wiene lykas gewoanwei oan it knikkerjen, en net om eigenwiis te wêzen, mar dêr wie ik aardich tûk yn. As jo earne tûk yn binne, ropt dat tsjinstân op fan de bern dy’t minder rjochtingsgefoel hawwe. Kwa knikkerjen, bedoel ik. Guon giene achter it striidtoaniel op it plein stean om trochsketten knikkerts te pakken en as jo dêr wat fan seinen, krigen jo in grutte bek. Mar it gie fierder. Op de legere skoalle ûntstiene de earste relaasjes, ek wol suertsjeferkearing neamd. It kreaste famke fan de skoalle wie grif net foar my weilein, tocht ik. Dus stoarte ik my op knikkerjen, fuotbaljen en mei sterk iis op iishockey en reedriden. Wy wennen in ein bûtenút yn in oar doarp, dus hearden wy ek net echt by de hurde kearn. By in wrede konfrontaasje oer ferkearingkrijen sei it kreaste famke fan de klasse dat se nea wat mei my hawwe woe, want ik hie in rare holle. Dat hakte der, nettsjinsteande it feit dat ik my der eins al by deljûn hie, dochs noch aardich yn.
Doe’t ik jierren letter ris earne yn in kroech siet, ik soe echt net mear witte wêr, barde it folgjende. Ik hie in learen jas oan, ien dy’t strieljagerspiloaten ek oan hiene yn dy tiid, ik hie frijwat lang hier en siet mei in stik of wat oaren oan de bar in gleske bier te drinken. De kruk njonken my wie leech. Dêr gie in oare jonge sitten. Dy begûn in frijwat ûnskuldich petear mei my oer hielendal neat. Mar doe’t er syn hân op in plak lei dêr’t ik him eins net hawwe woe, haw ik de jonge helder sein dat ik dat net akseptearre. Ik haw him, leau ik, ek noch in triuw jûn. Dat wit ik net sa sekuer mear.
Beide foarfallen kamen yn my op, doe’t it fan 'e wike oars nearne mear oer like te gean as oer de #metoo-diskusje. Jelle Brandt Corstius dy’t fertelde dat er ek slachtoffer wie, in dei letter fertelde de mooglike dieder Gijs van Dam in hiel oar ferhaal. Wa’t gelyk hat, wit ik net. Mar it steurde my wol dat de iene syn ferhaal yn de media fertelde en de oare dêr eins net yn de media op reagearje mocht. Goed dat dat wol bard is, want wy oardielje al sa maklik as it op de ferdieling tusken slachtoffer en dieder giet, wylst wy neat fan de saak ôfwitte.
Opsje: Se sille doe’t it barde, grif beide smoardronken west hawwe, en dan dogge jo domme dingen.
De ferhalen spilen lang lyn, mar der is net folle feroare. Fia de mobyl wurdt troch de jeugd foto’s útwiksele, mei begeliedende teksten. En dat dogge net allinnich jonges, mar ek de dames beoardielje de hearen yn kategoryen lykas ‘lekker ding’. De skieding tusken 'echt te fier gean' en 'op it rantsje balansearje' wie fan 'e wike sa diffús as it mar kin. Elk minsk makket wolris wat mei, mar om in goedbedoelde hân op it skouder daliks as 'net winske yntimiteiten' te beneamen en dêr oanjefte fan te dwaan, is wol wat maklik. De echte dieders, sy dy’t bliuwende skea oanrjochtsje, moatte oanpakt wurde. It is typysk 2017 dat wy no allegearre miene dat we slachtoffer binne.
Dy knaap dy’t miende my op in plak oan te reitsjen dêr’t ik dat net hawwe woe, makket my dat no in slachtoffer? Guon yn de #metoo-diskusje sille sizze fan al. Ik fyn dat it wol wat tafalt. Trouwens: Letter hearde ik fan it kreaste famke út myn klasse dat se eins stikem altyd in eachje op my hân hie. Hie dat dan sein, tocht ik, mar sa wurket it soms net. Ik knikkere grif te tûk."