Betonblok op spoar, masinist remmet krekt op 'e tiid

© ANP XTRA
Unbekenden hawwe freedtemiddeii in betonblok op it spoar by Snits dellein. De masinist fan in trein seach it krekt op 'e tiid en koe remje. Hy hat it betonblok fan it spoar ôf helle, de plysje warskôge en is dêrnei fierder riden. It giet om it stik spoar tusken de Parallelwei en de Korte Vreugde. De plysje hat de saak yn ûndersyk en jout oan dat dit hiel oars ôfrinne kind hie.