Klappen yn kafee Drachten

© Omrop Fryslân
In 38-jierrige man fan Droegeham is sneintemoarn betiid om 3.30 oere yn Drachten oanhâlden omdat hy in besiker fan in kafee oan de Noardkade yn it gesicht sloech. Doe't de 38-jierrige de plysje seach, naaide hy út. De plysje krige him dochs te pakken op de Klaes Ebesloane.
Dêrby misledige in 30-jierrige man fan Houtigehage de plysje. Dêrom mocht ek de Houtigehaachster mei nei it plysjeburo.