Séfonsterpolder by Riis giet op 'e skeppe

De Séfonsterpolder yn Riis giet op 'e skeppe. It gebiet, dat tsjin it Riisterbosk oanleit, bestiet út sa'n 25 bunder oan grûn. It is no noch lânbougrûn, mar der wurdt yn de kommende jierren natuergrûn fan makke. "It wurdt ree makke foar krûderyk gerslân en der komt in natuerlike oergong fan it bosk nei it iepen lân", fertelt Geert van der Veen fan de provinsje. De provinsje is eigener fan it gebiet.
Freed organisearre de provinsje in ynformaasjegearkomste oer de plannen. Der kamen sa'n fyftich minsken op ôf. Dy fernimme neffens Van der Veen net safolle fan de wizigingen: "Der feroaret net in soad. Der is in ruterpaad en dat bliuwt."