UNIS Flyers ferliest thús fan Eindhoven

03 nov 2017 - 22:24

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha freedtejûn de kompetysjewedstriid tsjin Eindhoven ferlern. It waard 3-4 yn iisstadion Thialf foar de koprinner út Eindhoven. De perioadestannen wiene 2-2, 0-1 en 1-1.

De Flyers begûnen goed oan de fysike wedstriid en kamen op foarsprong troch in goal fan Brent Janssen. Nei in flater yn de Feanster ferdigening makke Nick Verschuren de lykmakker foar Eindhoven. Inkelde minuten letter kamen de gasten op in foarsprong troch in fan rjochting feroare skot fan opnij Verschuren. De Flyers hiene it dreech mei de goede ferdigening fan Eindhoven, wêrby't benammen de keeper opfoel. Dochs fûn Lars den Endel de goal foar de Flyers: 2-2.

Yn de twadde perioade naam Eindhoven wer in foarsprong (2-3) en yn de tredde perioade bouden de gasten de foarsprong fierder út (2-4). Den Endel die noch wat werom foar de Flyers, mar fierder as 3-4 kamen de Flyers net. 

It is al it tredde thúsferlies foar de Flyers yn de BeNe-league dit seizoen.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)