Lykspul foar SC Hearrenfean tsjin Sparta Rotterdam

03 nov 2017 - 21:50

Sportklup Hearrenfean is der freedtejûn wer net yn slagge in oerwinning yn de earedifyzje te pakken. Yn Rotterdam spile de ploech fan trainer Jurgen Streppel lyk tsjin Sparta: 0-0. Nei tweintich minuten spylje tsjinne de earste grutte kâns foar de Feansters him oan. Ut in corner fan Ødegaard like de bal yn de goal te gean, mar keeper Kortsmit fan Sparta helle de bal fan de line. Yn it restant fan de earste helte hie SC Hearrenfean it bettere fan it spul. Ødegaard hie noch in tal moaie aksjes, mar koe se net bekroane mei in doelpunt.

Twadde helte: hast gjin kânsen

Yn de twadde helte koenen beide ploegen mar dreech op gong komme. Grutte mooglikheden wienen der net. Yn de lêste minuten fan de wedstriid waard Sparta agressyf. Kik Pierie rêde noch knap by in gefaarlike corner fan de thúsploech. Ek Hearrenfean sette yn de slotfaze noch oan, mar ta skoaren kamen de Feansters net mear.

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn, Dumfries, Høegh, Naess, Pierie, Schaars, Kobayashi, Vlap (Thorsby), Ødegaard, Ghoochannejhad (Veerman), Mihajlovic (Rojas).

(advertinsje)
(advertinsje)