Sportklup Cambuur ferliest by NEC

Sportklup Cambuur is freedtejûn tsjin in nederlaach oanrûn yn de Jupiler League. De ploech fan trainer Marinus Dijkhuizen ferlear mei 3-1 by NEC, de nûmer twa fan de Jupiler League.
Ljouwerters begûnen goed oan it útduel. Al yn de earste minút krige Kevin van Kippersluis in kâns, mar de bal belâne yn de hannen fan NEC-keeper Joris Delle. Beide ploegen wiene ferfolgens oan elkoar weage en grutte kânsen bleaune út. Nei 45 minuten stie der dan ek 0-0 op it skoareboerd.
Rayhi
Betiid yn de twadde helte kaam Cambuur op foarsprong troch in doelpunt fan Kevin van Kippersluis. Bryan Smeets joech in stekbal en Van Kippersluis makke it fan tichtby ôf. NEC kaam op 1-1 troch Mohamed Rayhi nei min útferdigenjen troch Cambuur nei in frije traap. Cambuur like opnij op foarsprong te kommen, mar de goal fan Van Kippersluis waard ôfkard. Inkelde minuten letter makke Rayhi de 2-1 foar NEC nei balferlies fan Jurjan Mannes op it middenfjild. Cambuur hie ferfolgens in enoarme kâns op de lykmakker, mar de knal fan Justin Mathieu belâne tsjin de latte.
Yn de slotfaze ferraste Steeven Langil Cambuur-keeper Erik Cummins mei in rap nommen korner: 3-1. Dy klap kamen de Ljouwerters net mear te boppe en de 3-1 bleau dan ek oant it einsinjaal op it skoareboerd stean.
Troch it ferlies stiet Cambuur no op it 17e plak yn de Jupiler League mei 10 punten út tolve wedstriden.