Froulju SC Hearrenfean winne fan PEC Zwolle

Argyffoto © Vrouwenscheerenveen.nl
De froulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe freedtejûn de thúswedstriid tsjin PEC Zwolle wûn. Op Sportpark Skoatterwâld waard it 2-1 foar de Feansters. Foar de ploech fan trainer Roeland ten Berge skoarde Fenna Kalma beide doelpunten.
De earste kâns fan de wedstriid wie foar de gasten, mar de bal gie njonken it doel fan keepster Devi Venema. Efkes letter kaam PEC dochs op foarsprong, troch in eigen doelpunt fan Caroline Verleg. Lang duorre de foarsprong foar PEC net, want inkelde minuten letter makke Fenna Kalma de lykmakker foar Hearrenfean. Yn de blessueretiid fan de earste helte makke Kalma ek de 2-1. Yn de twadde helte waad net mear skoard.