"It Biltsk is yn oarsprong in Nederlânsk dialekt"

© Omrop Fryslân
It Biltsk is yn oarsprong in Nederlânsk dialekt dat letter Fryske ynfloeden krigen hat. Dat konkludearret ûndersiker Arjen Versloot fan de Universiteit fan Amsterdam. En dat is opfallend, want in jier lyn kamen trije oare ûndersikers ta in oare konklúzje: sy skreaunen dat it Biltsk in mingtaal is. Dat it Frysk en it Biltsk op guon mêden dochs opinoar lykje, komt neffens Versloot ûnder oare troch Fryske taalûntwikkelings dy't yn de 18e en 19e iuw barden en letter troch Nederlânske ynfloed op it Frysk.
Versloot: "It Biltsk is begûn as fariant fan it Hollânsk. Doe't It Bilt yn de 16e iuw ynpoldere waard, giene Hollanners en Friezen dêrhinne te wenjen. Sy praten Hollânsk mei-inoar, mar net it Hollânsk sa' t wy dat no kenne. Dus gjin 21e iuwsk standert-Nederlânsk. It wie it Hollânsk fan de 16e iuw. Dat is troch de iuwen hinne feroare yn it standert-Nederlânsk fan no. It Frysk is ek feroare troch de iuwen hinne."
Dou is Biltsk en wie ek Nederlânsk
"It Biltsk naam wolris dingen oer út it Frysk. Sa giet dat mei talen dy't njonkeninoar libje. Mar it Frysk hat yn de tuskenlizzende tiid op syn bar ek wer in soad dingen út it Nederlânsk oernaam. Koartsein, it is net wat it liket. Ast it moderne Frysk nei it moderne Biltsk en it moderne standert-Nederlânsk ferlikest, dan seist al gau: "Wat liket dat Biltsk." of "Wat liket dat Frysk." Mar moatst it sjen yn de tiid. In moai foarbyld dêrfan is it wurdsje 'dou' of 'do' (Nederlânsk 'jij'). Jo soene sizze dat it Biltsk hjir op it Frysk liket (dou en do). Mar it Nederlânsk hie yn de 16e iuw ek 'dou', wat letter feroare yn jij. Net dat it Biltsk en it Frysk hjir wat mei-inoar te krijen hawe. Dy ferskille sels, want it Bilsk hat 'dou' en it Frysk 'do'. Dat, jo moatte der goed om tinke dat jo út de tiid fan doe wei redenearje en net út de tiid fan no."