Leararen basisûnderwiis stelle ultimatum: jild of staking

Leararen út it basisûnderwiis sille yn desimber opnij in dei stake, as harren easken net ynwillige wurde. Dat hat de aksjegroep 'PO in actie' freed mei de ûnderwiisbûnen en skoalbestjoeren oankundige. De aksjefierders fine noch hieltyd dat it basisûnderwiis der 1,4 miljard euro yn it jier by krije moat. De dosinten wolle dizze moanne noch om tafel mei ferantwurdlik minister Arie Slob. Dêrnei wachtsje se de behanneling fan de ûnderwiisbegrutting yn de Twadde Keamer ôf, dy't begjin desimber op it programma stiet. As in befredigjend antwurd útbliuwt, slute basisskoallen op 12 desimber opnij de doarren.
Aksje fiere
De leararen binne fan plan harren aksjes troch te setten, oant it momint dat de easken ynwillige wurde. ''Yn 2018 sille wy elke moanne yn in oare provinsje aksje fiere'', fertelt in wurdfierder fan 'PO in actie'. ''Dat kin ek stake betsjutte.'' Begjin oktober hienen de leararen al in lanlike staking. Frijwol alle basisskoallen yn it lân bleaunen doe ticht. Goed 60.000 juffen en masters kamen nei Den Haag om te protestearjen.
Traach
De dosinten wolle 900 miljoen euro yn it jier ekstra om de salarissen op it nivo fan it middelber ûnderwiis te krijen. Ek moat der 500 miljoen komme foar it ferleegjen fan de wurkdruk. It kabinet wol dy lêste eask honorearje, mar pas oan de ein fan de nije regearperioade. Dat giet neffens de bûnen fierstente traach. Kwa salarissen wol it kabinet net fierder gean as 270 miljoen euro.