Eigen wurkpleats foar keunstprojekt 'De 8ste Dag'

03 nov 2017 - 19:27

It keunstprojekt 'De 8ste Dag' hat syn eigen wurkpleats en kantoarromte. In part fan de eardere LTS oan de Cornelis Trooststrjitte yn Ljouwert waard dêr freed offisjeel foar yn gebrûk naam. 'De 8ste Dag' hâldt him dwaande mei tal fan keunstprojekten en makket diel út fa LF2018.

Sa wurdt der ûnder mear wurke oan in dominospul mei matrassen, in aktiviteit wêrby't mearfâldich-handicapten de golven yn kinne, en in caravan dy't rydt op wetterkrêft. Betinker is keunstner Marten Winters, dy't in soad minsken noch kenne fan it bysûndere skip dat er makke fan papier-maché.

Flústerspul

By de iepening waard ek foarsichtich in nij projekt neamd dat in rol spylje sil by de iepening fan LF2018: it grutte flústerspul. Dêryn wurdt in boadskip flústerjend trochjûn dwerstroch de provinsje, fan in boer út Pingjum oant in Syryske neikommer en fierder. Mar hoe krekt? Wat bart der ûnderweis mei it boadskip en wêryn is dy feroare as it úteinlik op it plak fan bestimming komt? Dat bliuwt spannend oant is sa fier is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)