Wagenborg nije sponsor Kulturele Haadstêd

03 nov 2017 - 18:28

Ljouwert-Fryslân 2018 hat der sûnt freedtemiddei wer in sponsor by. It giet om Wagenborg Passazjierstsjinsten, dat de oertochten tusken twa Waadeilannen, It Amelân en Skiermûntseach, en de fêste wâl fersoarget.

Neffens direkteur Tjeerd van Bekkum fan Ljouwert-Fryslân 2018 sil Wagenborg in wichtige rol spylje op it mêd fan kommunikaasje en marketing. De uteringen sille op de skippen fan Wagenborg en yn de terminals te sjen wêze. ''Do moast as passazjier it gefoel ha datsto middenyn it programma stiest'', sa seit Van Bekkum.

(advertinsje)