"Mear bewustwurding fan wettersykten"

03 nov 2017 - 19:01

Brânwachtminsken moatte har mear bewust wurde fan it gefaar fan de sykte fan Weil en oare sykten dy't yn it wetter foarkomme kinne. Dat is it boadskip freed en sneon op in grut sympoasium foar brânwachtminsken yn Ljouwert. De spesjalisten by de dûkteams en de saneamde oerflakte-wetter-rêdingsteams binne op de hichte mei de gefaren, mar oft 'gewoane' branwachtminsken of plysjeminsken dat ek witte, is mar de fraach.

"Alle kollega's hawwe beskermingsmiddels", sa seit Alfred Plantinga fan de brânwacht yn Ljouwert, "mar it giet faak yn it hjitst fan de striid: even helpe, even wat oanpakke; even in ûnbewaakt eagenblik. Dat moatte wy der eins úthelje."

Sykte fan Weil

De sykte fan Weil komt neffens it RIVM net in protte foar yn Nederlân. Mar dochs kin it misgean. "In kollega fan de plysje is in pear jier lyn ferstoarn oan de gefolgen fan de sykte fan Weil", sa fertelt Plantinga.

Dûkers fan de brânwacht geane allinnich mei har folsleine pak oan it wetter yn, ek as it waarm is. Ek drage de dûkers maskers oer har hiele antlit, wêrtroch't sy hast net yn kontakt komme mei wetter. "As sy op de kant komme, moatte sy earst ôfspuite wurde", seit dûkynstrukteur Jelle Peeringa.

Sympoasium

Op it sympoasium yn Ljouwert binne freed en sneon mei-elkoar sa'n 300 helpferlieners. Nei Seelân is Fryslan de Nederlânske provinsje mei it measte wetter. De Fryske brânwacht makket yn ferhâlding in soad ynsidinten op wetter mei en hat dêrom in soad ekspertize.

Trefwurden: 
brânwacht sykten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)