Pedro Bakker nimt Gerrit Bennerpriis yn ûntfangst

03 nov 2017 - 18:12

Keunstner Pedro Bakker fan Skettens is dit jier de winner wurden fan de Gerrit Bennerpriis. Dizze twajierlikse priis foar byldzjende keunst waard freedtemiddei útrikt yn it Fries Museum yn Ljouwert. Bakker krige in jildbedrach fan fjouwertûzen euro en in tentoanstelling fan syn wurk yn it Fries Museum. De keunstner ferbleau de ôfrûne jierren yn Sina. De keunst dy't er dêr makke hat, wurdt de kommende tiid yn it museum útstald.

De Gerrit Bennerpriis waard troch de provinsje Fryslân yn it libben roppen om de byldzjende keunst yn Fryslân oan te priizgjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)